Gjin medalje foar Sanne Wevers yn balkefinale

Sanne Wevers kwalifisearre har as twadde foar de tastelfinale op de balke © ANP
De Nederlânske turnster Eythora Thorsdottir (18) hat by de Europeeske kampioenskippen turnjen yn it Roemeenske Cluj in sulveren medalje helle op de balke. Thorsdottir helle yn de tastelfinale in skoare fan 14.066 punten. Olympysk kampioene Sanne Wevers fan It Hearrenfean bedarre mei in skoare fan 13.341 krekt njonken it poadium.

Wevers hie mear ferwachte fan har optreden, want by de kwalifikaasje makke se noch yndruk mei in skoare fan 14.300. Yn de finale gie it lykwols minder goed. Wevers moast harsels yn it begjin fan de oefening geregeld korrizjearje, mei in legere skoare as gefolch. It goud gie nei de Roemeenske Catalina Ponor mei in skoare fan 14.566.