Drokte en wurksumheden op de Ofslútdyk: flinke file

Weibrûkers op de Ofslútdyk rjochting Fryslân moatte rekken hâlde mei fertraging. Fanwege wurksumheden is der yn de rjochting fan Fryslân ien rydstrook ôfsletten en jildt der in maksimumsnelheid fan santich kilometer yn 'e oere.
De wurksumheden duorje oant en mei kommende moandei. Der stiet op it stuit in file fan sân kilometer. Reizgers wurdt advisearre om te riden fia Zaandijk.