Bunkers op Flylân letterlik foar it ljocht helle

De bunkers fan stelling 12H op Flylân wiene jierrenlang in goed bewarre geheim. It is it iennichste bunker-kompleks dat noch hiel is. It wurdt no werombrocht yn âlde steat, mei as doel om der úteinlik in bunkermuseum fan te meitsjen, dat it ferhaal fertelt fan Flylân yn de Twadde Wrâld-oarloch.
It inisjatyf komt fan Waddencentrum De Noordwester. Sy tinke dat de bunkers begjin jierren '50 bewust fuorthelle binne, om't de oerheid benaud wie dat toeristen de bunkers brûke soenen as 'trekpleister'.
De bunker is ûnderdiel fan de Atlantikwall, in 2685 kilometer lange ferdigeningsliny, boud troch de Dútske besetter. De Atlantikwall rûn fan Noarwegen oant Súd-Frankryk en hie bunkers en oare ferdigeningswurken. Under oare it Waadfûns, de gemeente Flylân en de provinsje Fryslân stypje it projekt. Begjin 2018 moat it wurk klear wêze en moat it publyk de bunkers fan tichtby besjen kinne.