Hinnen wer nei bûten: ophokplicht is ynlutsen

© De Streekboer
Eigeners fan hinnen en oar plomfee hoege har bisten net langer binnendoar te hâlden. De saneamde 'ophokplicht' is woansdeitemiddei ynlutsen troch steatssekretaris Martijn van Dam. De ophokplicht wie ynsteld yn ferbân mei in tal gefallen fan fûgelgryp yn Nederlân. It gefaar is no sa bot ôfnommen dat der gjin maatregels mear nedich binne.
It is al goed in moanne lyn dat der in wylde wetterfûgel fûn waard mei fûgelgryp. Ek yn de lannen om Nederlân hinne is de sykte net mear fûn. Yn Fryslân wiene twa gefallen fan fûgelgryp, yn Abbegea en De Lytse Jouwer.