NHL-studinten helpe by berging sonken VOC-skip

Studinten fan de NHL meitsje diel út fan in bergingsoperaasje fan VOC-skip De Rooswijk. Mear as 250 jier ferlyn sonk it skip foar de Ingelske kust net fier fan Dover. Oan board wie in grutte lading sulver, en 350 opfarrenden.
Animaasjes
De NHL-studinten Kommunikaasje en Multymediadesign sille de fynsten út it skip ferwurkje yn 3D-animaasjes om se sa tagonklik te meitsjen foar it publyk. It dûken litte se oer oan de spesjalisten. It wurk begjint yn july en sil trije moannen duorje. Al dy tiid sitte de studinten yn Kent yn Ingelân.
Hobbydûkers en streaming
It wrak waard yn 2004 ûntdutsen en der is al hiel wat út helle, ek troch hobbydûkers. Dêrom wolle de Nederlânske en Ingelske oerheden it hiele skip bergje. Alles komt dan boppe wetter, ek de lading dy't noch wol oan board leit. Boppedat bedriigje streamingen it wrek, en dat is ek in reden om it wrak feilich te stellen. De oerbliuwsels wurde bestudearre.