Kollum: "Alle tiid fan de wrâld"

"Nei de wurknimmers fan de Jumbo wolle no ek de masters en juffers yn Nederlân stake foar in heger lean. Leararen út it basisûnderwiis driigje it wurk yn septimber in wike del te lizzen as it nije kabinet neat docht oan it lege salaris. Mar folle wichtiger noch: der moat wat dien wurde oan de hege wurkdruk yn it ûnderwiis.
Twa wike lyn kaam it CBS mei in rapport oer beroppen mei de heechste wurkdruk. Koks stiene mei stip op nûmer ien, folge troch dokters, juristen, managers en op nûmer fiif: learkrêften yn it basisûnderwiis. Masters en juffers jouwe oan dat benammen de administrative rompslomp letterlik harren tiid opslokt. It binne net de grutte klassen of lestige bern dy’t tiid kostje, mar benammen de ferplichting om alles fêst te lizzen. Mei oare wurden: masters en juffers ferslaan yn de ferslaggen.
Dizze wike kaam der ek in rapport út fan de Underwiisynspeksje mei de titel Staat van het Onderwijs. Dêrút blykt dat - nettsjinsteande alle strange toetsen en testen - it net goed giet mei de kwaliteit fan ús ûnderwiis. Sterker noch: learlingen prestearje de ôfrûne jierren minder goed op fakken as wiskunde, natuerkunde en rekkenjen. En ek it tal bern mei lêsproblemen is tanaam.
Boppedat docht út it rapport bliken dat learlingen net motivearre genôch binne. De saneamde ‘zesjes-cultuur’ dêr’t Mark Rutte sa’n grutte hekel oan hat, hat stadichoan syn yntrede dien yn ús lân. Yn it radioprogramma Met het Oog op Morgen hearde ik hjir woansdeitejûn in moai petear oer tusken Bente Becker fan de VVD en Paul van Meenen fan D66. Dy lêste sloech de spiker op ‘e kop, doe’t er it folgjende sei:
“Ik denk dat het allerbelangrijkste om kinderen te motiveren is dat we niet alleen de gelukkigste kinderen in Nederland hebben, maar ook de gelukkigste docenten. En daar ontbreekt het nu aan, want een gelukkige echt goed gemotiveerde docent weet zijn leerlingen te stimuleren. En op dit moment zijn leraren en docenten in het basisonderwijs niet gelukkig om het maar even kort samen te vatten. Wij moeten er als overheid voor zorgen dat ze dat weer veel meer zijn.”
En sa is it. Om learlingen te motivearjen moast motivearre dosinten ha. Masters en juffers dy’t mei passy foar de klasse stean en harren leafde foar taal, rekkenjen, ierdrykskunde of skiednis oerbringe op de learlingen. Want dêrom kiest foar it ûnderwiis. Net om oeren lang rapporten yn te foljen, evaluaasjes te meitsjen en ferslabgen te skriuwen. Dan wiest wol by de Belestingtsjinst wurkjen gong.
Mar just foar dy passy is hjoed-de-dei hast gjin romte mear yn it ûnderwiis, wylst it de driuwfear is fan elke dosint. Trije wike lyn mocht ik Stephanie Siersma ynterviewe, ús Fryske kandidate foar de titel Dosint fan it Jier. Stephanie is wiskundedosinte op de NHL en bringt alle dagen har leafde foar de wiskunde oer op leararen fan de takomst. Se stjoerde my nei ôfrin fan it ynterview reaksjes troch fan har studinten, mei de meast prachtige anekdoates.
De wat skruten dosinte dy’t ik in oere earder noch foar my hie, feroare troch alle ferhalen fan har learlingen yn in soart fan superwoman. Se waard letterlik op hannen droegen troch har studinten. "Gewapend met werkvormen, humor, geduld en alle tijd van de wereld begeleidt ze ieder van ons tot we het wel moeten begrijpen", skreau ien fan har learlingen.
Alle tiid fan de wrâld; dat is neffens my wat ús leararen it aldermeaste nedich ha. Der sille fêst masters en juffers wêze dy’t graach in heger salaris opstrike, mar folle wichtiger noch: se wolle mear tiid om te dwaan wat se it leafste dogge. Foar de klasse stean.
Tiid is jild seit it sprekwurd. Mar as we dat yn it ûnderwiis no ris krekt oarsom draaie: jild foar tiid. Ik bin der wis fan dat dit him úteinlik dûbel en dwers werombettellet."
Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.