Fryske gebouwen fan Lego yn Grinslanner museum

It planetarium yn Frjentsjer neiboud mei Lego (rjochts)
Der wurdt in Lego-model boud fan de Skylger fjoertoer Brandaris. Dat moat komme yn it LEGiO-museum yn it Grinslanner Gruttegast. It Eise Eisinga Planetarium fan Frjentsjer is dêr al te sjen, krekt as De Waag fan Ljouwert en in rige huzen út Dokkum. De gemeente Skylge en Rykswettersteat sille de bou fan it Brandaris-model finansjeel stypje.
Yn de modelstêd wiene earst foaral gebouwen út Grinslân te besjen, sa as de Martinitoer, it stedhûs en it stasjon fan Grins, mar de bouwers fûnen dat der ek kenmerkende Fryske gebouwen yn moasten.