Profkontrakt foar Cambuur-spiler Daan Boerlage

Middenfjilder Daan Boerlage hat freed syn earste profkontrakt tekene by Sportklup Cambuur. It 19-jierrige talint sil de kommende twa jier yn it shirt fan de Ljouwerters spylje. It kontrakt hat ek noch in opsje foar in tredde jier. Boerlage kaam ferline simmer oer fan AZ, om by de beloften fan Cambuur te spyljen. Dêr makke er safolle yndruk dat er yn jannewaris syn debút foar it earste alvetal meitsje mocht yn de wedstriid tsjin FC Dordrecht.
Technysk direkteur Gerald van den Belt is tige wiis mei it talent: "Daan traint al een aantal maanden mee met het eerste en laat daar zien een heel hoog niveau te kunnen halen. Bovendien zie je hem ook echt beter worden en gezien zijn leeftijd zit daar nog veel rek in. Hij heeft deze beloning wat dat betreft ook helemaal zelf afgedwongen en is daarmee een prachtig voorbeeld voor iedereen in de beloften en jeugdopleiding."