Motorrider fljocht mei 120 kilometer troch Drachten

Digitale flitspeal © ANP
In 28-jierrige motorrider út Drachten moast freedtemoarn syn rydbewiis ynleverje om't er fierstente hurd oer de Zuiderhogeweg en de Tussendiepen yn it plak ried. Neffens de plysje hie de man snelheden oant 117 kilometer yn de oere op de teller stean. Op dizze diken is 50 kilometer yn de oere lykwols de limyt.
De motor fan de man is ek yn beslach naam. Hy hat in proses-ferbaal krigen.