Peaskefjurren: wêr en wannear yn Fryslân?

Peaskefjoer © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Op in oantal plakken yn Fryslân binne dit wykein wer peaskefjurren. Dizze iuwenâlde tradysje komt net in hiel soad foar yn ús provinsje, sa docht bliken nei omfreegjen by ferskate VVV-kantoaren en gemeenten. De brânbulten wurde allinnich yn it suden fan de provinsje organisearre.
Wa't by sa'n fjoer sjen wol, kin op ûndersteande kaart sjen wêr't de bulten oanstutsen wurde.