''In dei fan utersten yn Laplân''

Troch Karen Bies
''Op in slide achter in rindier troch de snie is in hiele goeie manier om dy ta te rieden op in sjongwedstryd. Dit is de dei fan de finale fan Liet Ynternasjonaal, en Aafke wol graach wat ûntspanning. Wy ek trouwens. Ole en Inga fan Sokki Adventure bringe ús mei de sniescooter nei in parkje mei rindieren. It binne moaie, griiswite, rêstige bisten, en se wurde net oars fan de kamera fan Dirk. Ole en syn nichtsje Inga stekke kleurich ôf tsjin de snie. Se hawwe tradisjonele Sámi kleandracht oan. Inga is it grutsk op har moaie pakje mei sulveren sieraden. Se fertelt dat se it ek graach oandocht as se op stap giet. De rok draait sa moai as se dûnset. Under de rok hat se in breidene broek oan mei kleurige hoazzen en learskes fan rindierfacht. Lekker waarm.
It spektakulêre diel fan ús útsje komt no. We meie ombeurten op in slide achter in rindier en Aafke mei earst. Se ment it bist as is ’t in hynder foar de karre, want dêr hat se wol ûnderfining mei. Tss, tss, moatst sizze ast wolst dat er hurder giet, ropt Ole. Aafke rêdt der mei. En oars stapt se ôf en lûkt se it rindier sels wol oer de finish.
It wurdt in dei om net te ferjitten, it slydzjen troch de snie, de sinne derby, en sa no en dan it besef dat it echt wier is: dat wy hjir mei syn allen lol meitsje yn it noardlikste puntsje fan Europa. De kjeld deart ús net.
It moaiste momint is as it kampfjurke brânt yn de lavo, in Sámi tinte. Aafke sjongt har ferske ‘Minsk fan wearde’ foar Ole. Se freget him om foar har in joik te sjongen, mar dat doart er net oan. Miskien letter, seit er.
Letter is al gau jûns, as we yn spanning de finale fan Liet ôfwachtsje. Der binne acht dielnimmers en Aafke is as sânde oan bar. Se sjongt prachtich, har stim is de bêste fan allegear, se is in diva op it poadium. Dochs wint in oar, de lêste kandidaat: Ella Marie Isaksen, de Sámi sjongeres, dy’t de tradysje fan de joik heech hâldt troch der moderne muzyk fan te meitsjen. Har mem en tante, dêr’t wy juster op besite west hawwe, binne sa grutsk dat se spontaan in joik foar Ella Marie begjinne te sjongen. It is al de fiifde kear yn de skiednis fan Liet Ynternasjonaal dat de Sámi winne. Hoe dogge se dat dochs?
Wy gunne it Ella Marie ek, mar it is spitich foar ús Aafke. Sy is teloarsteld, logysk, se woe winne en is no twadde wurden. ‘It is eins raar om fan muzyk in wedstriid te meitsjen,’ seit Aafke. ‘We binne allegear sa ferskillend, fan Russysk oant Bretons, Sámi en Frysk. Us muzykstyl fergelykje is apels mei parren fergelykje.’ Ek it fertriet dat by it ferske ‘Minsk fan wearde’ heart spilet mei yn har emoasje.
Mar in oerke letter sit Aafke al wer te sjongen. Mei oare muzikanten is der in jamsessy by it kampfjoer. It wie in dei fan utersten. En Ole hat dochs sêft in joik songen, fertelt Aafke. Op ‘e weromreis, ûnder it motorlûd fan de sniescooter.''
Oan Liet Ynternasjonaal dogge acht artysten mei. It binne Ella Marie Hætta Isaksen (Sámysk), Aafke Zuidersma (Frysk), Zaman (Bashkir, Turkske taal), Màiri Anna NicUalraig (Skotsk Gaelic), Ruben Semmoh & Romeo Sumter (Sranan Tongo, Kreoalske taal), Nikita Ilyin (Udmurt, Oeraalske taal), Ukan (Bretonsk), La Schlapp Sauvage (Lúksemboarchsk).
It sjongfestival is tongersdei 13 april en is fia in stream te sjen.