Kramer: ''Begryp foar soargen, mar noch genôch tiid''

De provinsje Fryslân hat noch genôch tiid om foar 2027 de natuerdoelstelling te heljen. Dat sei deputearre Johannes Kramer tongersdeitemiddei, nei in warskôging woansdei fan natuerorganisaasjes lykas It Fryske Gea, de Fryske Miljeufederaasje en Natuermonuminten. Dy warskôgen dat der in grutte achterstân driget yn it provinsjaal natuerbelied. Dat wylst de doelstellingen yn it saneamde Grien Manifest fan fiif jier lyn ek noch nei ûnderen ta bysteld binne. De realisaasje fan natuer yn de saneamde ekologyske haadstruktuer ferrint te stadich, sa sizze de organisaasjes.
Deputearre Kramer hat begryp foar de soargen fan de natuerorganisaasjes, mar tinkt dat der noch foldwaande tiid is om it op te lossen. ''It giet benammen oer it tempo wêryn it giet'', sa fertelt er. ''Wy hawwe ôfspraken makke mei it Ryk wêryn stiet dat we yn 2027 in oantal ferplichte parten fan de ekologyske haadstruktuer klear hawwe moatte. Wy hawwe dus de tiid, mar der binne wol saken dy't stadich ferrinne. Kramer doelt dêrby benammen op de hege grûnpriis. De provinsje is dêrom bot ôfhinklik fan de reewilligens fan de grûneigeners om harren lân te ferkeapjen.