Krúsdrager Tjeerd Bakker is klear foar The Passion

Tjeerd Bakker út Ljouwert is tongersdei ien fan de krúsdragers by The Passion yn Ljouwert. "Ik folgje The Passion eins al fan it begjin ôf en no is it sa tichtby, ik tocht sa'n machtige kâns om dit mei te meitsjen lit ik net oer gean." Hy is fia tsjerke derby kaam om him op te jaan krúsdrager. Alle Ljouwerter tsjerken binne by The Passion belutsen. "Der is in groep fan fjirtich dragers, tweintich binne foar it krús nedich en dy kinne elkoar dan ôfwikselje." De dragers rinne sa'n twa kilometer en it krús weaget 200 kilo.
Repetysje
Tiisdeitejûn wie de generale repetysje út it Cambuurstadion wei nei it Wilhelminaplein. "We moasten op folchoarder stean gean, fan lyts nei grut, sadat it krús wat skeef hinget. Ik stean frij foaroan dus kin moai wat om my hinne sjen," fertelt de master. Op in pear punten moat de groep stilhâlde om't se wol op skema oankomme moatte op it plein by it Fries Museum. "It wie hartstikke moai om te dwaan, komst mei de groep by elkoar en elk hat syn eigen reden om mei te rinnen. Ik woe sels ûnderdiel wêze fan it ferhaal dat my sa fertroud en bekend is. Ik wol witte hoe't it fielt wat der doe bard is, it fan tichtby meimeitsje."
Uitzending gemist
Bakker mist dêrtroch wol wat op it Wilhelminaplein bart, "mar dêr is uitzending gemist foar" laket er. "We binne krekt as Sinezen op fakânsje, we sjogge thús pas wêr't we west ha." Hy rint mei syn soan, se rinne flakby elkoar. "Ik fyn it hiel nijsgjirrich en bysûnder en ha der fral in protte sin oan."