Vermilion hâldt op mei gaswinning by Langsweagen put 3

Gaswinning © ANP
Vermilion is ophâlden mei de gaswinning út put 3 by Langsweagen. It gasbedriuw hat dat besletten omdat it Staatstoezicht op de Mijnen Vermilion tiisdeitemoarn oplein hie om op te hâlden. Neffens it Staatstoezicht hat Vermilion de winput yn gebrûk naam sûnder dat it winningsplan goedkard wie. En dat mei net.
Vermilion rûn it risiko op in twangsom fan maksimaal 10 miljoen euro. Vermilion seit dat it bot teloarsteld is oer it beslút. It gasbedriuw hâldt allinnich op mei de winning út put 3. De produksje fan de oare twa putten by Langsweagen giet gewoan troch.