Autoriteit Consument en Markt sil skerp tasjen op oername

Batavus It Hearrenfean © Google Street View
De Autoriteit Consument en Markt sil skerp tasjen op de mooglike oername fan de Accell Group troch Pon. Neffens saakkundigen sil de ACM der benammen op tasjen as der yn Nederlân noch wol genôch te kiezen bliuwt foar de konsumint. Pon, bekend fan Gazelle, wol it fytsefabryk op It Hearrenfean, bekend fan Batavus en Koga, oernimme foar in bedrach fan 845 miljoen euro. Mocht de oername trochgean, dan ûntstiet de grutste fytsefabrikant op de wrâld.