De earste 50 moaie plakjes fan Fryslân wurde bekend makke

As der gasten út Hollân by him komme, komt arsjitekt Bauke Tuinstra op plakken yn Ljouwert dêr't er oars net komt. Moaie plakken ek! Fanút dy gedachte is it insjatyf 'It Moaiste fan Fryslân' ûntstien, seit Tuinstra. Hy en syn kollega Jacob Borren hawwe it betocht en mei help fan saakkundigen en de Fryske befolking moat der in top hûndert fan moaiste plakken ûntstean.

Moandei binne de fyftich foarselektearde moaiste plakken bekend makke. De earste fyftich objekten binne oanwiisd troch in faksjuery ûnder lieding fan âld- deputearre Jannewietske de Vries. Moandei wie ek de start fan it publyksdiel fan de aksje yn gearwurking mei Ljouwerter krante, Friesch Dagblad en Omrop Fryslân. Nei ferrin fan tiid moat dat de oare 50 plakjes opsmite. De list moat yn it jier fan de Kulturele Haadstêd toeristen helpe om de moaiste plakjes fan Fryslân te finen en mei eigen eagen te besjen. By de earste 50 plakken sitte neffens Jannewietske de Vries fuortendaliks al ferskate ferrassings.
Stimme kin op itmoaistefan.frl