Jannick de Jong begjint goed oan nij gersbaanseizoen

Jannick de Jong © Bert Swarts
Jannick de Jong is it nije gersbaanseizoen goed begûn. De koereur fan De Gordyk wûn snein de earste wedstriid om it Iepen Nederlânsk Kampioenskip gersbaanracen. De Jong troeve yn it Drintske Vries de konkurrinsje ôf troch al syn ritten te winnen. Njonken De Jong stiene Romano Hummel út Grinslân (twadde) en Henry van der Steen fan Aldebiltsyl (tredde) op it poadium. Sjoerd Rozenburg fan Aldeberkeap waard fiifde.
De folgjende wedstriid om it Iepen Nederlânsk kampioenskip wurdt op 30 april riden yn Eenrum (Grinslân).