VC Snits docht goede saken mei winst op Set Up '65

De follybalsters fan VC Snits hawwe goede saken dien yn de kampioenspûl fan de earedifyzje. Se wûnen sneontejûn yn fiif sets fan Set Up '65 út Ootmarsum, nei de setstannen 25-16, 25-14, 11-25, 23-25 en 10-15.
Snits stie tredde yn de kampioenspûl mei in efterstân fan fjouwer punten op nûmer twa Set Up. Om noch kâns te hâlden op it twadde plak, dat rjocht jout op de finale, moasten de Snitsers winne. En dat slagge dus, wêrtroch't se no ien punt ynrûn binne op Set Up '65, wylst se ien wedstriid minder spile hawwe.
Come-back
De Snitsers rûnen yn de earste set fuortendaliks tsjin in efterstân oan en koene dy net mear reparearje, sadat ferlern waard mei 25-16. Set Up pakte troch en wûn ek de twadde set yn 25-14. Pas yn de tredde set kaam Snits better yn de wedstriid en begûn oan in wiere come-back. De opslachdruk by de Snitsers naam ta en dêrmei kamen se hielendal werom yn de wedstriid.
Se namen yn set trije al rap in foarsprong en joegen dy net mear fuort: 25-11. De spannende fjirde set gie lang gelyk op, mar yn de einfaze wie Snits krekt better, 25-23, sadat beide ploegen twa sets wûn hiene. De beslissende fyfde set begûn goed foar Snits en se namen in foarsprong fan 5-1. Set Up ferlytse de efterstân noch oant 6-4, mar de Friezinnen joegen de foarsprong net mear út hannen en wûnen de set yn 15-10.
Stân en programma
1 Sliedrecht Sport 7-22
2 Set Up '65 8-19
--------------------
3 VC Snits 7-16
4 Eurosped 6-9
5 Alterno 7-6
6 Flamingo's 7-6
Snits spilet noch trije wedstriden: 16 april thús tsjin Eurosped, 19 april thús tsjin Alterno en 23 april thús tsjin Flamingo's.