Gouden Skries foar Marten Dijkstra fan Aldeboarn

Marten Dijkstra krige de gouden skries © Vogelbescherming.nl
Boer Marten Dijkstra fan Aldeboarn hat juster de Gouden Grutto wûn. Dat is in priis fan de fûgelbeskerming Nederlân foar boeren dy't sjen litte dat plattelânsnatuer prima kombinearre wurde kin mei in ekonomysk sûne bedriuwsfiering. De gouden skries bestiet út in publyks- en in faksjuerypriis.
Dijkstra wûn de faksjuerypriis, dy't bestiet út in byldsje en fiiftûzen euro. De prizen waarden útrikt troch âld-minister Cees Veerman op de konferinsje 'Succesvol boeren met de natuur'.