Underwetterkamera fan echtpear Zerb wer boppe wetter

De bysûndere ûnderwetterkamera fan it echtpear Zerb út Akkrum is wer boppe wetter. Leo Sinnema fan Stiens hat it objekt yn syn besit. Sinnema koe de famylje Zerb troch in feestjûn fan de dûkklup, dêr't de âld-eigener in presintaasje joech. By dy jûn waard der praat dat Zerb mooglik syn kamera fuortdwaan woe, en om't Sinnema al in skofke dwaande wie om te besykjen om ek ûnder wetter te filmjen hie er wol earen nei it apparaat fan Zerb. De kamera is foar in grut part noch orizjineel, al hat Sinnema der wol wat saken oan feroare.
It Frysk Filmargyf hie earder al filmkes krigen dy't mei de kamera makke binne. It giet om de filmkolleksje fan Johan en Sietz Zerb fan sechtich films. Sinnema docht no ôfstân fan de kamera en jout him oan it Frysk Filmargyf. Hy docht dit sadat de kamera en de filmkes wer ien gehiel wêze kinne, yn it argyf.