Faes ferfangt skorste St. Juste by SC Hearrenfean-Sparta

Wout Faes sil nei alle gedachten tiisdei yn 'e basis stean by SC Hearrenfean yn de wedstriid tsjin Sparta. De Belgyske ferdigener sil de ferfanger wêze fan Jerry St. Juste, dy't skorst is. Sneon tsjin Heracles Almelo kaam Faes ek al yn it fjild, krekt nei't St. Juste in reade kaart krige. Trainer Jurgen Streppel sil fierder gjin wizigings tapasse yn syn opstelling. Dat betsjut dat Luciano Slagveer op 'e nij de foarkar krijt boppe Arber Zeneli.
Mooglik dat Stijn Schaars ek wer by de seleksje sit. De middenfjilder rekke foar de winterstop blessearre, mar is op de wei werom. Mei it each op de play-offs is de wedstriid tsjin Sparta in wichtige foar de Feansters. De ôfrûne fjouwer wedstriden waarden net wûn en dus komt de konkurrinsje hieltyd tichterby.
De wedstriid set tiisdei om 20.45 oere útein en is live te folgjen fia Omrop Fryslân Radio.
Opstelling (nei alle gedachten): Mulder; Bijker, Van Aken, Faes, Marzo; Kobayashi, Thorsby, Van Amersfoort; Larsson, Reza, Slagveer