Wakker Dier hat noed oer slacht biologyske melkkij

"Sa'n 6.000 biologyske melkkij moatte dit jier ûnterjochte nei de slacht", dat stelt de organisaasje Wakker Dier. Mei grutte rouadvertinsjes yn twa lanlike kranten freget Wakker Dier omtinken foar dit probleem. Neffens de feriening moatte biologyske boeren sûne melkkij nei de slacht bringe fanwege in dongoerskot dat troch oare grutte boerebedriuwen feroarsake is.
Yn de rouadvertinsje yn de kranten 'betinkt' Wakker Dier seis kij. Yn ien fan de routeksten stiet bygelyks: 'Met verdriet hebben we kennis genomen van de slacht van Rikkie 65'.
Foppe Nijboer is biologysk boer yn Boelensloane en foarsitter fan de FBBF, de feriening fan biologyske boeren yn Fryslân. "It is hiel wrang, as biologyske boeren freegje we gjin derogaasje oan, we ha part noch diel oan dit probleem, mar draaie der wol foar op. We ha dit ek foarlein oan de Twadde Keamer, mar dy honorearje ús net, want dan moatte oare boeren mear koarte wurde." Sels seit Nijboer dat it by him noch wol tafalt, mar hy wit fan kollega's dat dy tritich kij kwyt moatte, wylst se lân genôch hawwe.
Op 12 april folget noch in koart pleit fan de biologyske boeren oer de kwestje.