Snits Wyt Swart rekket achterop nei 3-2 ferlies tsjin MSC

© Omrop Fryslân
Yn de haadklasse A hawwe de fuotballers fan Snits Wyt Swart de wedstriid tsjin MSC sneontejûn mei 3-2 ferlern. Dat betsjut dat de kâns op in perioadetitel en in plak boppe-yn hiel lyts wurden is. De earste kânsen wiene foar de Snitsers, mar it wie MSC dat op foarsprong kaam. Age Hains Boersma skoarde de lykmakker, mar foar rêst kamen se toch wer op achterstân.
Yn de twadde helte waard it yn de 64e minút 1-3. Snits Wyt Swart makke in kertier foar tiid noch wol de 2-3, mar fierder kamen se net mear.