Provinsje praat yn maaie oer dyk Ljouwert-Snits

© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Deputearre Steaten prate mids maaie oer in bettere ferbining tusken Ljouwert en Snits. Dan wurdt dúdlik oft der ek sjoen wurde sil nei de mooglikheden fan in hiele nije dyk. Boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân kaam in skoftke lyn mei it idee foar in nije dyk, by it spoar del tusken Ljouwert en Snits.
Ynwenners fan de doarpen yn it gebiet sjogge dat net sitten. Sy binne benaud dat se oerlêst hawwe sille fan in nije dyk oer dat trasee. In nije dyk soe de N354 ferfange moatte.
Sa't de dyk der no hinne leit, is it gefaarlik, der wurdt te hurd riden en der barre geregeld ûngelokken.