Direkteur Elkien giet oan de slach by Caparis

© Elkien
Direkteur Alex Bonnema fan wenningkorporaasje Elkien sil fan 1 juny ôf oan de slach by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Bonnema begûn yn 2000 by ien fan de foargongers fan Elkien. Nei meardere fúzjes is it útgroeid ta ien fan de grutste wenningkorporaasjes fan Noard-Nederlân.
Neffens Anne Vlaskamp, de foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Elkien, hat Bonnema in soad berikt mei de wenningkorporaasje. Bonnema seit sels dat er mei pine yn it hert ôfskied nimt fan Elkien.