Boeren by Feanwâlden dogge proef mei ferbou fan tuorrebouten

© Kenniswerkplaats Noordoost Fryslân
Yn it Bûtenfjild bij Feanwâlden is de ôfrûne wiken in tal kweekbêden foar tuorrebouten oanlein. It is ûnderdiel fan it project 'Better Wetter', dat soargje moat foar in bettere wetteropfang yn perioaden fan wetteroerlêst yn kombinaasje mei nije lânboufoarmen yn Noardeast-Fryslân.
Boeren kinne dêr hieltyd minder wurde mei guon parten fan de grûn en dus is der ferlet fan alternativen, lykas tuorrebouten. Dêr kin bygelyks isolaasjemateriaal foar de bou fan makke wurde, of laminaat foar op de flier.