ProRail prate oer opheffen spoaroergong yn Harns

Spoarbehearder ProRail woe de spoaroergong by Harns opheffe, dêr't moandei twa minsken omkamen. ProRail wie hjiroer yn petear mei de eigener fan de grûn dêr't de oergong sûnder bewaking leit. Dy petearen wienen konstruktyf. It plan wie om in paralleldyk oan te lizzen sadat de boer syn pleats berikke kin. ProRail besleat hjirta nei't yn febrewaris ek al in ûngelok west hie op dizze oergong. Doe rekke net ien ferwûne.
Direkteur Pier Eringa fan ProRail lit út namme fan it bedriuw witten djip skokt te wêzen troch it ûngelok en betsjûget syn meilibjen oan de famylje en freonen fan de slachtoffers.
Ferfiersbedriuw Arriva hat him nei it ûngelok benammen rjochte op de opfang fan belutsenen.
Oergongen
Nederlân telt noch sa'n hûndert oergongen sûnder bewaking. Begjin dit jier luts it kabinet 25 miljoen euro ekstra út om se allegear te befeiligjen. Se krije spoarbomen of warskôgingssinjalen.
Oanpakke
Deputearre Johannes Kramer seit dat de provinsje al in skoft dwaande is mei de oergongen. Fjouwer oergongen mei in iepenbier karakter wurde oanpakt. "Mar der binne noch 34 oergongen sûnder bewaking mei partikulier karakter moatte ek sa gau as mooglik oanpakt wurde. Dat hinget net inkeld fan jild ôf, mar ek fan minskkrêft en de meiwurking fan de grûneigeners."