Kollum: ''Shit happens''

''Persoanlik fyn ik in besite oan de WC meastal net ien fan de hichtepunten fan de dei. Ik wit net hoe’t jim der oer tinke, mar it binne fan dy saken dy’t je moatte, mar net echt nei útsjogge. Yn de literatuer wurdt yn spannende passaazjes ek hast nea gjin romte jûn foar in beskriuwing fan besite oan nûmer hûndert, want dat remmet de gong fan it ferhaal. Earlik sein is dat flauwekul, want je moatte dochs in kear as wat deis en wêrom soenen je dat dan net beskriuwe?
Der barre de meast gekke dingen op de WC, sjoch mar ris nei de artistike muorreskilderingen yn iepenbiere toiletten. De haadkleur is brún, sa sille jim begripe. Ik freegje my wolris ôf wa’t soks no dogge. Ik kom allinnich yn de manne-ôfdielings, mar neffens sizzen is de situaasje by de oare kant fan de wrâldbefolking net sa wêzenlik ferskillend. It skynt dat we der as minsken aardichheid oan ha om in binde fan de húskes te meitsjen, om der dêrnei tsjin de minsken om jo hinne wiidweidich oer te seuren. Wa dogge dat no? En hoe is it fysyk mooglik dat de stront soms tsjin in plafon oan sit?
De maklike ferklearring is fansels dat it bernewurk is. Dat is lekker simpel, jou it de jeugd mar op de skuld, mar ik tink net dat it dêrmei ophâldt. Gean mar ris nei in willekeurich evenemint dêr’t gjin bern komme en sjoch hoe’t nei in pear oeren de tastân fan it sanitêr is. De myte fan dat de bern it wol dien ha kin dan ek daliks it jiskefet yn.
De fraach bliuwt: Wa smart syn trochgong tsjin de muorren? Binne it djoerbetelle managers dy’t 70 oeren yn de wike wurkje en sa ûnder de stress sitte dat se dizze artistike útspatting as útlitklep brûke? Binne it lju dy’t oeral schijt oan ha en dat ek sjen litte wolle? Ik wit it net, mar der moatte ferhalen te fertellen wêze oer minsken dy’t it nedich fine oaren mei harren ûntlêsting te konfrontearjen.
Hoe kom ik hjir no wer by? No, ik bin bang dat der yn de Sineeske haadstêd Beijing ynkoarten wolris in grutte oplibbing yn it stront op de muorren skilderjen komme kin. It is namentlik sa dat it stedsbestjoer in saneamd poepkwotum ynsteld hat. Striemin nijs foar Sinezen dy’t tefolle bamy iten ha en oan de diaree rekke binne. Ek in buikgrypke is net sa aardich mear, want jo ha mar in pear kear deis kâns op papier. Want dêr giet it om. It blykt dat de Sinezen massaal WC papier achteroer drukke. Dat rint de spuigatten út en dus folgje der maatregels. De húskes by de Tempel van de Hemel krije kamera’s mei gesichtsherkenning. Ja, it is werklik wier. As jo mei kramp op it gesicht oan de de doar fan de WC rammelje wurde jo opnaam.
Ik stel my dan even de minsken foar dy’t achter de skermen sitte en al harren stedsgenoaten mei hege need observearje moatte. Neffens my kin de meast stoïsynske Sineeske befeiliger syn gesicht dan net yn de ploai hâlde, tinke jim wol? Dêr skûlet dan wer it gefaar yn dat je sa laitsje moatte dat je de kontrôle oer bepaalde spieren dan even ferlieze, mocht dat te faak barre binne jo sels de Sjaak, of der soe frijstelling wêze moatte foar de lju achter de skermen, dat stiet net yn it berjocht.
Foaral âldere Sinezen nimme WC papier mei, sa docht bliken. Dat is ek de doelgroep mei de measte problemen kwa ynkontininsje. Dus ik bin bang dat as de Sineeske feteranen oer it deistige papier kwotum hinne reitsje, se út lilkens de rotsoai oan de muorre smarre sille.
Sy, de generaasje dy’t Sina grut makke hat, wurdt koarten op ien fan de meast elemintêre saken. No wit ik net oft der ek kamera’s yn de húskes ophongen wurde, mar by eskalaasje fan de strontsmarderij soe ik my dat yntinke kinne. Big brother is watching you, sis mar. Kinne je net iens mear even rêstich sitting hâlde by de Tempel van de Hemel. Tsja, shit happens.''
Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.