FIDEO: Mokselbanken en seegers moatte Gryn behâlde

Undersikers wolle it eilantsje Gryn behâlde en dat dogge se mei help fan mokselbanken en seegers. Dat moat derfoar soargje dat it eilân 'kuieret'. Gryn is in paradys foar fûgels en leit by Skylge.
In ôfbrekber kretsje fangt lytse moksels en kin op de lange termyn it eilân Gryn helpe te oerlibjen. It eilân is foarich jier mei in grutte yngreep foarearst feilich foar de see, mar dat hâldt in kear op. Natuerlike prosessen mei help fan mokselsbanken en seegers moatte it dan oernimme. Mokselbanken ûntsteane net sa maklik en de kretsjes soenen in oplossing wêze kinne. As dit wurket, is der minder ôfslach oan ien kant fan it eilân en groeit Gryn op de lije kant. Dan kuieret it eilân. En dêr is eigener Natuurmonumenten op út.
Eardere ûndersiken en eksperiminten mislearren. Sa is in proef mei seegers ferline jier net slagge. Dizze kear wurdt wer seegers plante, ticht achter de mokselkretsjes.