Beswier tsjin Grouster plannen

Ynwenners fan Grou meitsje opnij beswier tsjin bouplannen yn it doarp. Gie it begjin dit jier om winkels en apparteminten oan de Volmawei, no binne der sokke plannen foar in pear hûndert meter fierderop, oan de Hellinghaven. Yn beide gefallen giet it om hege gebouwen. Dat past net binnen it Beskerme Doarpsgesicht fan Grou, sizze de ynwenners. Wethâlder Felix van Beek bestriidt dat. Neffens him foldogge de plannen oan alle easken.