Crone sjocht ek foardielen yn leechrin kolleezje Ljouwert

Boargemaster Ferd Crone makket him gjin soargen oer de fuortgong fan it kolleezje yn Ljouwert no't wethâlder Isabelle Diks fan GrienLinks Ljouwert ynruilet foar Den Haag. Neffens Crone is de perioade oant de nije ferkiezingen noch koart en hat it kollleezje de saken goed op oarder. Yn novimber wurdt yn Ljouwert in nije gemeenteried keazen. Dan komt der hoe dan ek in nij kolleezje.
Crone sjocht benammen ek foardielen no't twa wethâlders fan Ljouwert yn de Twadde Keamer komme. Ek Harry van der Molen fan it CDA is nammentlik keazen.
De lobby foar Ljouwert en Fryslân is dêrtroch allinnich mar better wurden neffens de boargemaster.