N381 tusken Drachten en Drinte bliuwt iepen

De N381 © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De ôfsluting fan de N381 tusken Drachten en Drinte by Easterwâlde giet dit wykein net troch. Der soe in lûdsearme deklaach asfalt oanlein wurde oer de tunnel yn de Duistereweg. Dêrfoar soe de dyk ôfsletten wurde fan freed 19.00 oere oant sneintemoarn 6.00 oere.
De oannimmer tinkt dat it troch it minne waar net mooglik is om een goede kwaliteit asfalt oan te bringen. De hiele operaasje wurdt dus útsteld.