Business Contact Dagen yn it WTC sitte fol: 350 bedriuwen

WTC Ljouwert
De Business Contact Dagen Noord yn it WTC Expo yn Ljouwert binne útferkocht. Dy binne op 21 en 22 maart. Der binne goed 350 eksposanten, meldt de organisaasje. Ferspraat oer twa hallen binne der tolve temapleinen, dêr't ûndernimmers har presintearje. Fierder binne der ferskate sprekkers lykas turner Herre Zonderland en SC Hearrenfeantrainer Jurgen Streppel.
Der is dit jier foar it earst in duorsumheidsplein en in finansieringsplein, mei bedriuwen út de finansjele sektor.
De Business Contact Dagen binne neffens beursmanager Hetty Kroes net allinnich bedoeld om saken te dwaan, mar ek wichtich foar it netwurkjen. Boargemaster Ferd Crone iepenet it evenemint. De Business Contact Dagen duorje twa dagen.