Auto yn de brân stutsen: wurkstraf ûnder betingst

Rjochter © Omrop Fryslân
Trije jonges mei in ferstanlike beheining dy't ferline jier yn Winaam in auto yn de brân stutsen, ha in wurkstraf ûnder betingst krigen. Ek moatte se de eigeneres fan de auto in skeafergoeding betelje. De jonges hiene de auto foar de lol yn de brân stutsen. Earder dy dei hiene se op oare plakken ek al fjurkes stookt. De jonges sieten yn in wengroep yn Pitersbierrum, mar krigen dêr tefolle frijheid. Se binne yntusken oerpleatst nei oare wengroepen.
De rjochter hat der by de straf rekken mei hâlden dat de jonges ferstanlik beheind binne. Se komme ûnder tafersjoch fan de reklassearring.