Yn Ljouwert oppakte swalker útlevere oan Eastenryk

© ANP
In man dy't woansdei yn Ljouwert oppakt is omdat er dwers en ferkeard die, wurdt útset nei Eastenryk. Dêr wurdt er fertocht fan misdriuwen dêr't drugs by yn it spul wiene.
De plysje krige woansdei in melding oer in swalker op it Noordvliet yn de stêd, dy't him ferfelend gedroech. Ut ûndersyk die doe bliken dat de man yn Eastenryk socht waard.