Jacques Monasch fan Nieuwe Wegen is 'tige teloarsteld'

Jacques Monasch sil freedtejûn mei syn partijgenoaten bepale oft de partij Nieuwe Wegen ek trochgiet. Dat seit Monasch yn reaksje op de útkomst fan de Twadde Keamerferkiezingen. Nieuwe Wegen slagge der net yn om ien of mear sitten te heljen. Listlûker Monasch fynt de útslach 'zeer teleurstellend.'
De Snitser stapte ein novimber út de Twadde Keamerfraksje fan de PvdA en begûn syn eigen beweging Nieuwe Wegen. Hy tinkt dat it foar de nije partij te koart dei wie om súkses te hawwen. Dêrnjonken hiene de media te min omtinken foar syn partij.
Monasch is dêr 'hogelijk verbaasd' oer. It gebrek oan ynteresse fan de kranten en telefyzje fynt Monasch hast 'in mystearje'. "Als je de wedstrijd niet kan spelen, kun je geen doelpunten scoren", ornearret Monasch. Hy sil syn âlde berop as ûndernimmer wer oppakke.