Friezinne yn Ingelân: Brexit driuwt minsken útinoar

It beslút oer de Brexit bringt polarisaasje yn de maatskippij. Dat seit Friezinne om utens Mona Smith-Kramer. Sy wennet al jierren yn High Wycombe, flakby Londen. Minsken yn Ingelân binne noch hieltyd net bekaam fan de klap dy't se krigen hawwe nei de foarstim yn it Brexit-referendum fan ferline jier, seit se.
Wat nij is is dat "âlden fan bern op skoalle by de oare gegevens no ek opjaan moatte yn hokker lân it bern berne is en hokker taal it bern praat. Bedriuwen moatte opjaan hoefolle bûtenlanners oft der wurkje."
Ferhúzje
Neffens Smith-Kramer hat Ingelân net genôch minsken om te ûnderhanneljen oer de Brexit. Dat is in tige komplekse saak. Frou Smith-Kramer tinkt deroan om miskien mar fuort te gean út it Ingelân wei, foaral as har man fuort moat. "Miskien wol nei Kanada."
Grien Ljocht foar Brexit
It Britske regear kin definityf begjinne te ûnderhanneljen mei Brussel oer de útrêding út de EU. It House of Lords hat dêr grien ljocht foar jûn. De eask dat it parlemint mear te sizzen krije moast oer de proseduere waard ôfwiisd. Premier Theresa May sei tiisdeitemiddei dat se yn de ûnderhannelingen net allinne rekken hâlde sil mei de belangen fan Ingelân, mar ek mei de belangen fan de EU.