Cambuur wint mei meunsterskoare tsjin FC Oss: 7-2

© awfoto.nl
Sportklup Cambuur is mei de grutste oerwinning fan it seizoen wer op it goede paad yn de Jupiler League. Nei it ferlies tsjin Den Bosch fan freed koe der moandei mei romme sifers wûn wurde fan FC Oss. Yn Brabân hiene de Ljouwerters it lykwols net fuortendaliks maklik. Fia de rêststân 2-2 waard it úteinlik mar leafst 7-2 foar Cambuur.
Daliks achter
Al nei fjouwer minuten seach Cambuur tsjin in 1-0 achterstân oan, troch in goal fan Celik. It spul waard dêrnei net folle better, mar dochs koene de Ljouwerters harren kânsen pakke. Yn de 19e minút makke Van de Streek de lykmakker, wêrnei't er yn de 32e minút de 2-1 foarsprong binnentikje koe. FC Oss-oanfaller Mathieu sette lykwols noch foar de rêst de stân op 2-2.
Ofstân
Cambuur liet it dêr yn de twadde helte net by sitte. In frije traap fan Houtkoop bedarre yn de 56e minút op 'e holle fan, opnij, Van de Streek. Dy't dêrmei syn hattrick kompleet makke. Cambuur naam dêrnei ôfstân fan FC Oss. Van Deelen makke yn de 60e minút de 4-2 en ek de 5-2 kaam út in frije traap: Van Deelen naam yn de 75e minút in flugge frije traap en besoarge sa de bal by Lilipaly, dy't allinnich op de keeper fan FC Oss ôfrinne koe en sa skoare koe.
Moaiste goal
De moaiste goal fan de jûn moast doe lykwols noch komme. Yn de 88e minút skeat Lilipaly fan 20 meter de bal snoeihurd yn de krusing. De einstân waard bepaald troch Martijn Barto, dy't de 7-2 binnenskeat.