LDODK wint en is wis fan play-offs

Femke Faber by LDODK-fans © AWfoto.nl
LDODK/Rinsma Fashion hat mei 32-21 sneontejûn relatyf maklik wûn fan DSC yn Eindhoven. De earste helte fan LDODK wie oan de meagere kant: 11-10 foar DSC. De twadde helte wie dúdlik foar de ploech út Terwispel en De Gordyk. Mei de winst is LDODK fersekere fan in plak yn de play-offs foar de finale fan de kompetysje. De earste tsjinstanner yn de play-offs wurdt TOP Sassenheim. Mei noch ien wedstriid yn de reguliere kompetysje te gean is LDODK tredde mei 23 punten, nûmer twa TOP hat ien punt mear.