Oanlis fûgelfreonlike modeltunen yn Ljouwert

© Google Streetview
De mienskipstún De Groene Apotheek yn Ljouwert toveret in stik greide oan de Oldegalileën om ta fjouwer fûgelfreonlike modeltunen. Wethâlder Isabelle Diks en Harry van der Velde fan Fûgelbeskerming Nederlân hawwe sneontemoarn de earste hagen oanlein yn it ramt fan NL Doet. Doel fan de foarbyldtunen is om sjen te litten dat in ûnderhâlds- en fûgelfreonlike griene tún net in soad wurk freget.
De Groene Apotheek wol ynwenners fan de gemeente Ljouwert ynspirearje en stimulearje om in part fan de tegels út de tún te heljen of hielendal.