UPDATE: Ofslútdyk oeren ôfsletten troch ûngelok

Der hat freedtemoarn in ûngelok mei in frachtauto west by Koarnwertersân. De sjauffeur is tsjin in wein fan Rykswettersteat oanknald en rekke dêrby in oanhinger mei ôffal kwyt. Der leit dêrtroch ferspraat oer de dyk allegear rommel. De Ofslútdyk fanút Fryslân nei Noard-Hollân is dêrom ôfsletten.
Nei ferwachting bliuwt de rydbaan rjochting Den Oever oant yn alle gefallen trije oere freedtemiddei ticht. By swierrichheden kin it wurk ek oant fjouwer oere duorje.
Ferkear nei Noard-Hollân wurdt omlaat fia de A6. Der waard in ambulânse oproppen fanwegen it ûngelok, mar der binne gjin minsken ferwûne rekke by it ûngelok.