Winst Oranjefroulju, Nederlân úteinlik fyfde by Algarve Cup

Vivianne Miedema © ANP
De fuotbalsters fan Oranje hawwe it toernoai om de Algarve Cup yn Portugal ôfsletten mei in 3-2 oerwinning op Japan. Ald-Hearrenfeanspylster Vivianne Miedema skoarde it winnende doelpunt yn de ekstra tiid. De oare doelpunten kamen op namme fan Anouk Dekker en Lieke Martens.
Troch de oerwinning op de nûmer sân fan de wrâld, Japan, is Nederlân op it toernoai as fyfde einige.