FIDEO: Bylden fan in rûnlieding troch de Ark fan Noach

De Ark fan Noach, oftewol de VerhalenArk, is foar it earst yn fjouwer jier wer yn Fryslân. De Ark is in driuwend bibelsk museum. Eigener Aad Peters hat mei de boat de ôfrûne sân jier troch Europa fearn. Sa wol er minsken yn kontakt bringe mei ferhalen út de Bibel. It skip leit no yn Harns en giet letter noch nei Ljouwert. Ferslachjouwer Willem de Vries gie del by De Ark en makke der bylden fan. De tige entûsjaste eigener is te hearren yn de twa ynterviews.