Wurkstraf foar dronken, agressive buspassazjier

Justysje © Omrop Fryslân
In ynwenner fan Easterwâlde hat in wurkstraf fan 24 oeren krigen, omdat er dwers en dronken yn in bus sitten hat. Nei in jûn op stap wie de man mei syn maten yn Assen op de bus stapt. Hy smiet mei guod fan syn freonen en drige de ruten fan de bus te fernielen. Boppedat foel er de sjauffeur lestich ûnder it riden. Dy warskôge him in pear kear. Doe't de man trochgie, belle er de plysje.
By syn arrestaasje fersette de man him. De plysje moast pepperspray brûke om him del te bêdzjen.