Heakkekrús en leuzen kerve op basisskoalle Easternijtsjerk

Foeke Sjoerdskoalle yn Easternijtsjerk © Google Streetview
Op de Foeke Sjoerdskoalle yn Easternijtsjerk binne it ôfrûne wykein in heakkekrús en kwetsende leuzen oer NSB'ers en homo's yn de keunststof panielen kerve. It skoalbestjoer kaam der moandeitemoarn achter en hat it fuortendaliks fuorthelje litten. De plysje is op de hichte brocht en ûndersiket wa't der achter sit.