Justysje lost mei bemiddeling al 19 rjochtsaken op

Justysje hat mei it saneamde herstelrjocht al 19 rjochtsaken oplost. It herstelrjocht hâldt yn dat der mear saken oplost wurde troch bemiddeling. It projekt 'Justitie in de bus' rint no in healjier en justysje is der entûsjast oer, fan de 85 saken binne 19 oplost.
Se gean by it projekt de wyk yn om mei feroarsakers fan konflikten te praten. As in konflikt oplost wurde kin mei praten, skeelt dat in djoere rjochtsaak.
Neffens advokaat Hans Anker binne net alle advokaten entûsjast oer bemiddeling yn it strafrjocht. Want advokaten fertsjinje oan rjochtsaken en dêrom litte se leaver de kwestje foarkomme yn stee fan dat it fantefoaren regele wurdt. Dêrom pleitet Anker derfoar dat Den Haach jild frijmeitsje sil om dit ynkomsteferlies op te fangen.