Tsientallen boeren fertocht fan fraude mei dongboekhâlding

Tsientallen boeren wurde derfan fertocht dat se sjoemele hawwe mei harren dongboekhâlding. Tongersdei hat de miljeuplysje yn Tytsjerksteradiel in ynfal dien yn in wenning fan in 56-jierrige ynwenner fan dy gemeente. Mooglik hie de man fraudearre mei de papieren oer it gebrûk en it ferfier fan dong. De kompjûters en administraasje fan de fertochte binne yn beslach naam. Der is nimmen oanhâlden. Earder al wienen der ynfallen yn de gemeenten Littenseradiel en Súdwest-Fryslân.
Der rint op dit stuit in ûndersyk fan ûnder oare de NVWA nei fraude mei dongstoffen. Yn dit ûndersyk binne ferskate Fryske boeren nei foaren ta kaam as fertochten. Inkelde tsientallen fan harren krije mooglik neiheffingen oplein.
Regissearjende rol
De fertochte út Tytsjerksteradiel hat mooglik in regissearjende rol spile by de fraude. De man wurdt derfan fertocht dat er, al as net yn oparbeidzjen mei boeren, falske ferfiersbewizen foar dongtransporten regele hat. Ek wurdt er derfan fertocht dat er falske dongtransportmeldingen dien hat by de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland. Dit soe allegearre plak fûn hawwe yn 2014 en 2015.