Iepen dei Ljouwerter finzenis is al folboekt

(stockfoto) © ANP
De iepen dei fan de finzenis yn Ljouwert op 1 april is folboekt. Alle 240 beskikbere plakken binne beset. Publyk moast him yn 't foar opjaan. De besikers krije in rûnlieding troch it gebou en sjogge bygelyks by it wurkbedriuw dêr't detinearden wurkje. Ek binne der demonstraasjes fan ynsidinten dy't him foardwaan kinne yn de finzenis en it personiel jout útlis oer hoe't in dei yn in finzenis der út sjocht.