Spesjale Philips-brêge yn Drachten

Philips © Omrop Fryslân
De flapbrêge yn de Drachtster Tjalling Wagenaarstrjitte krijt de namme Philips-brêge, as earbetoan fan de gemeente oan it bedriuw. It beslút fan it bedriuw om in fabryk yn Drachten te fêstigjen, hat it plak neffens it gemeentebestjoer holpen him ekonomysk te ûntwikkeljen.
Hjoed-de-dei wurkje sa'n 2.000 minsken yn it fabryk.