ONS Boso Snits ferjit te winnen fan Jong Almere City

© Omrop Fryslân
ONS Boso Snits is der tiisdeitejûn net yn slagge de ynhelwedstriid yn de tredde difyzje tsjin Jong Almere City te winnen, it waard 2-2. De nûmer lêst út Almere naam op it Sudersportpark yn Snits binnen sân minuten in 2-0 foarsprong. ONS wie it paad kwyt, mar lokkich makke Ale de Boer yn de 10e minút de earste Snitser goal en Yume Ramos healwei de earste helte de moaie 2-2. Yn de twadde helte hie thúsploech ONS fierwei de bêste kânsen, mar sa as wol faker dit seizoen waarden dy net fersulvere.
ONS is noch lang net feilich. De ploech fan de trainers Richard Karrenbelt en Chris de Wagt stiet op it fjirtjinde plak mei 28 punten. Fjouwer ploegen ha minder punten. As dat oan de ein fan it seizoen noch sa is, bliuwt ONS yn de tredde difyzje.